Ek oan my is frege om in favoryt wurk fan ús heit oan te jaan. Dat sil net tafalle.
By it sammeljen fan wurk foar it boek dat yn novimber útkomt en de oersichtstentoanstelling dy’t oan it ein fan dit jier iepene wurdt, kamen wy safolle prachtich wurk tsjin wêr ’t wy it bestean net fan wisten. No, meitsje dan mar is de keuze om it moaiste wurk te kiezen. In ûnmooglike saak.
Want wat hat us heit wat makke, wy foelen fan de iene ferrassing yn de oare. En sa folle, net te leauwen. Wêr hat hy de tiid weihelle om dit allegear te meitsjen. En dat wie ek net alles wat er die. Neist syn baan, syn keunst, frou en bern makke hy ek noch hiel folle meubels sels. Boekekasten, kleankasten, stuoltsjes, ladekasten en kaptafels, neat wie him te folle. Hy koe it allegear. Ferbazing fan us kant mar foaral grutte bewûndering foar alles wat us heit by libben makke hat.
Nei dizze opsomming wol ik dus mar bliuwe by de wurken dy’t ik sels yn myn besit ha en dat is ek in hiel ferskaat oan prachtich wurk. Foarop stiet foar my dat it in kleurich wurk wêze moat. Wêrom?
Ús heit hâlde fan kleuren en wurke dêr in soad mei. En ek om’t dat ien fan de dingen is dy’t ús heit my bybrocht hat yn it libben. Goed om je hinne sjen, sjoch nei details, nei kleuren en boustylen. As bern hie ik dêr net folle boadskip oan mar letter begreep ik better hoe dit fan wearde west hat yn myn fierdere libben.. Ek de leafde foar klassyke musyk ha ik oan ús heit te tankjen. Dêr bin ik him noch altyd tankber foar.
Mar werom kommend op in favoryt wurk. Ik ha wat mei hoannen, ha se op ferkate plakken yn hûs stean en hingjen. It is in kleurryk bist en tige grutsk yn foarkommen. Dat sprekt my wol oan tink ik.
Dêrom ha ik keazen foar dizze moaie blokprint, “De Hoanne”. Hy hinget prominent by ús yn de yt-keamer. Ik sjoch der alle dagen op út, mei in soad plesier. No wol ik him mei jim diele en hoopje dat jim der krekt sa fan genietsje kinne as ik.