De measte minsken kenne Jan Frearks van der Bij fan syn skilderijen of syn mozaiken, mar ik koe him oant twa jier lyn benammen fan syn boekomslaggen, wat net sa frjemd is foar in útjouwer. Doe’t it boek yn de jierren ‘50 hieltyd mear in massaprodukt waard dat krekt as oare winkelartikelen oan de man brocht wurde moast, krigen se stadichoan ek in oar uterlik. De saneamde affysjewearde waard in saak fan belang. Utjouwers dienen hieltyd faker in berop op keunstners mei in reklameachtergrûn om sokke omslaggen te meitsjen.
Yn Fryslân wie Jan Freaks van der Bij dêr ien fan. Nei syn earste omslachûntwerp yn 1955 soe er noch mear as 50 boeken foarmjaan en dêrmei ien fan de produktyfste Fryske boekûntwerpers wurde. En mei’t er hofleveransier wie fan de kristlike boekeklup KFFB soarge hy derfoar dat de fernijing yn it boekfersoarging ek oan de doetiids oanboazjende groep fan kristlike lêzers net foarby gie. Fan syn hân is ek ien fan de moaiste Fryske boekomslaggen fan nei de oarloch, dat fan de sânde printinge fan de Fryske klassiker Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma. Neffens kenners is dat ûntwerp krekt sa klassyk wurden as it boek sels….
It wie foar my dan ek in eare om it boek oer Jan Frearks van der Bij, “Keunstner tusken berop en ropping” út te jaan. Yntusken ha ik lykwols ek as privee-persoan in konneksje mei de keunstner. Wurkjend oan it boek foel myn each op in houtskoaltekening mei de titel ‘Oan ‘e Dokkumer Ie’ út 1966. It is in byld fan in hûs oan it wetter mei beammen derfoar en in oar hûs derachter, dat by my – hikke en tein yn Burdaard – daliks werkenning oprôp. Wêr’t it presys lokalisearre is, kin ik net ûntdekke. By de Ie lâns wiene in soad fan ditsoart plakjes, faak by in opfeart of in dwersfeart. Mar it ropt sa sterk it byld op fan dat wetter, dat foar in Burdaarder neat minder wie as de Nijl, de Eufraat, de Tigris of de Rijn, dat it net ûntbrekke mocht oan de lytse kolleksje fan keunstwurken mei de Dokkumer Ie as tema fan myn frou en my, dat it is dit jier har jierdeikado wurden.
De tekening hinget no foar de eksposysje yn Museum Dr8888, mar der wachtet in eareplak oan de muorre yn Dokkum.
Louw Dijkstra.