Actualiteit

Toelichting jubileumtentoonstelling “Kracht en Kleur”

Fryslân pakt omraak út mei 100 jier Jan Frearks van der Bij

Mar leafst sa’n 200 entûsiaste besikers makken freed de start fan it jubileumbarren ‘100 jier Jan Frearks van der Bij’ yn Drachten ta in boppeslach. Dêr wie en is de kommende moannen dan ek wol wat te heljen en te belibjen yn Museum Dr8888 en oare Fryske omkriten. Fiif ferskate partijen mei-inoar wolle it grutte publyk yn dizze donkere tiid opfleurje en genietsje litte fan alle ‘Kracht en Kleur!’ en it grutte ferskaat oan wurk fan dizze ferneamde Fryske ekspressionist (1922 – 2013). Op inisjatyf fan de Stichting Jan Frearks van der Bij hawwe Museum Dr8888, Utjouwer Wijdemeer út Dokkum, stazjêres fan de Friese Poort en útjouwer Bekking&Blitz út Amersfoort mei-inoar in tige nijsgjirrich en ynspirearjend jubileumbarren delsetten.

Kracht en Kleur
Kracht en Kleur

Yn Museum Drachten kin it publyk fan 3 desimber 2022 oant en mei 16 april 2023 genietsje fan de eksposysje ‘Kracht en Kleur’. Hjir is foar it earst in folslein oersjoch fan it grutte ferskaat oan wurk fan de keunstner te sjen. Benammen syn rake houtskooltekeningen, houtfiken, illustraasjes, boekomslaggen en tal fan mosaykûntwerpen binne nij foar it publyk. Mei’t it museum spesjaal foar dizze jubileum eksposysje guon wanden treflik kleure hat yn fel grien, giel en read komme de skilderijen prachtich út ‘e ferve. In tal keunstwurken fan Van der Bij syn Yn’e Line maten jouwe ekstra sju oan dizze útstalling.

eksposysje
eksposysje ‘Kracht en Kleur’
eksposysje
eksposysje ‘Kracht en Kleur’
eksposysje
eksposysje ‘Kracht en Kleur’

It freed gloednij presintearre boek ‘Jan Frearks van der Bij, keunstner tusken berop en ropping’ toand mei mear as hûndert rejale foto’s in ymponearjend byld fan it grutte ferskaat oan wurk fan de keunstner: want syn wurk, dêr giet it om!  Fan sketskes yn de tram oant syn monumintale wandmosaïken op tsjerken en skoallen. Skriuwsters Elske Schotanus en Gitte Brugman sette yn dit boek op rake wize in nijsgjirrige biografy, ynsjoch yn it doetiidske kulturele fermidden yn Fryslân en in keunsthistoaryks perspektyf del. Dêrmei is it in tige lêsber en nijsgjirrich boek , mei lading, nochter en sûnder opsmuk. It boek wurdt útjûn troch útjouwer Wijdemeer en is no rûnom te krijen.

Bestellen-boek-JFvdB
Bestellen-boek-JFvdB

Jorn Rekoert, entûsiastse stazjêr fan ROC Friese Poort Drachten hat mei Museum Dr8888 in unike Mozayktoer lâns mozaïken yn Ljouwert, De Pein, Drachten, Drachtsterkompenije, Droegeham en Broeksterwâld opsetten. In hânsume flyer mei QR koades ynformearret it publyk oer it wêr en wat fan dizze monumintale wandkeunst fan Jan Frearks van der Bij. Op de ferskate lokaasjes krijt de faaks ferhearde besiker tagelyk in skerp besef dat dit soarte fan keunstwurken yn de bûtenloft nei lingte fan jierren gâns te lijen hat. In pear mozaïken steane der tsjintwurdich beroerd foar. Om mar te swijen oer mear as de helte fan de goed tweintich mozaïken dy’t  yn 60 jier tiid al ferdwûn binne. Behâld fan dit unike kultureel erfskip is net fanselssprekkend!

Mozaïeken
Mozaïeken
De gelijkenis van de talenten, te zien op de muur van Kindcentrum ‘De Wel’ te Broeksterwâld.
De gelijkenis van de talenten, te zien op de muur van Kindcentrum ‘De Wel’ te Broeksterwâld.

As útsetter fan dit jubileumbarren hat de lannelik warbere útjouwer fan kwaliteit kaartensets, Bekking& Blitz, fiif oaljeferven fan fleurige lânskippen fan dizze keunstner selektearre foar harren nijste kaartenset. In fantastyske set kaarten dêr’t Jan Frearks van der Bij syn felle kleuren fanôf spatte! No rûnom te krijen.

Bekking & Blitz
Bekking & Blitz
Bekking & Blitz
Bekking & Blitz

Mis dit net!

Mear ynformaasje of bygelyks in ynterview oer moaie achtergrûnferhalen en folle mear by dit jubileumbarren? Nim dan kontakt mei ús op. Stichting Jan Frearks van der Bij, foarsitter Ulke van der Bij, 0640691892 of 0511-444582

Bestellen-boek-JFvdB

Het boek “KEUNSTNER TUSKEN BEROP EN ROPPING. “JAN FREARKS VAN DER BIJ 1922-2013” verschijnt 2 december en is te verkrijgen in de museumwinkel Dr8888 en via de webshop van  Uitgeverij wijdemeer 

 

 

In samenwerking met Museum Dr8888 is er een grote overzichts-tentoonstelling georganiseerd van 3 december 2022 tot 16 april 2023. 

Gelijktijdig met deze tentoonstelling verschijnt het boek Jan Frearks van der Bij, keunstner tusken berop en ropping.

Het boek is o.a te koop in de museumwinkel.

Expositie “Kracht en Kleur” van Jan Frearks van der Bij 

Het jaar 2022 is voor onze stichting een belangrijk jaar namelijk het 100ste geboortejaar van Jan Frearks van der Bij. Uiteraard willen wij daar extra aandacht aan schenken,

In samenwerking met Museum Dr8888 wordt er een grote overzichtstentoonstelling georganiseerd van 3 december 2022 tot 16 april 2023. Tevens wordt er, dankzij meerdere subsidieverstrekkers, druk gewerkt aan een bijzonder boek met daarin meer dan 100 foto’s van werken van de kunstenaar.

De biografie wordt geschreven door Elske Schotanus en het kunstanalytisch gedeelte door Gitte Brugman. Samen met uitgeverij Wijdemeer hopen wij een bijzonder en kleurrijk boekwerk uit te kunnen geven. 

Dit is mede mogelijk gemaakt door alle mensen die, na onze oproep, hun kunstwerk bij de stichting hebben aangemeld, waarvoor onze hartelijke dank.

Door het bestuur van de stichting is hieruit een selectie gemaakt, deze werken krijgen een plekje in het boek. De eigenaren zijn hier inmiddels van op de hoogte gesteld en de werken gefotografeerd.

Ondertussen is ook Museum Dr8888 druk bezig met de voorbereidingen voor de expositie.