Biografie

Levensbeschrijving

Jan Frearks van der Bij is op 4 november 1922 in Drachten geboren als oudste zoon in een gereformeerd gezin. Zijn vader was huisschilder. Beeldende kunst was een volstrekt onbekend fenomeen. Toen hij na de ambachtsschool met de verfkwast aan het werk werd gezet, bleek echter het verbeelden van de wereld om hem heen, hem meer te boeien dan het huisschildersvak. Van 1945 tot 1968 woonden zijn vrouw Jitske Dijkstra en hij met hun zes kinderen in Leeuwarden. Hij raakte in de ban van tekenen en schilderen. Een beeldende kunstopleiding volgen kon hij zich echter niet veroorloven omdat hij ook zijn gezin moest onderhouden. Wel volgde hij met zijn zwager Pier Feddema in Groningen lessen bij Herman Dijkstra. Daar ontmoette hij Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga met wie Pier en hij van 1950 tot 1970 als Friese expressionisten de schildersgroep ‘Yn ‘e line’ vormden. In 1968 verhuisde het gezin naar de Folgeren bij Drachten. Naast zijn werk als reclame-ontwerper en later als tekenleraar ging hij vol overgave en voortdurend zoekend het beeldende kunstavontuur aan. Zo ontwikkelde hij zich als autodidact gaandeweg tot één van de meest uitgesproken Friese expressionisten. Kenmerkend voor hem was dat hij zich voortdurend vernieuwde en gebruik maakte van wisselende materiaaltechnieken. Ook heeft hij zich door de jaren heen gericht op een groeiende verscheidenheid aan onderwerpen. Prachtig en heel bijzonder zijn ook zijn grote wandmozaïeken waarin hij op tal van gebouwen bekende Bijbelverhalen heeft uitgebeeld. Het lenig en treffend combineren van kleuren, contouren en vormen, kenmerken zijn unieke stijl. In 2013 is hij op negentigjarige leeftijd in Bartlehiem overleden.

Libbensbeskriuwing

Jan Frearks van der Bij waard 4 novimber 1922 berne yn Drachten as âldste soan fan in ferver yn in grifformearde húshâlding. Byldzjende keunst wie in folslein ûnbekende wrâld. Doe’t er nei de ambachtskoalle achter de ferverskwaste setten waard, die lykwols bliken dat it ferbyldzjen fan de wrâld om him hinne him gâns mear luts as it húsferversfak. Fan 1945 oant 1968 wenne hy mei syn frou Jitske Dijkstra en harren  seis bern yn Ljouwert. Tekenjen en skilderjen krigen him yn de besnijing. In byldzjende keunstoplieding mocht Jan lykwols net barre, syn húshâlding moast ommers ek troch de tiid. Wol folge hy mei syn sweager Pier Feddema lessen by Herman Dijkstra yn Grins. Dêr moete er Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga mei wa’t Pier en hy fan 1950 oant 1970 as Fryske ekspressionisten de skildersgroep ‘ Yn’e Line’ foarmen. Yn 1968 ferhuze de húshâlding nei de Folgeren by Drachten.  Neist syn wurk as reklame-ûntwerper en letter as tekenleraar gie er fûleindich it aventoer fan de byldzjende keunst oan. Sa ûntwikkele er him as autodidakt geandewei ta ien fan de meast útsprutsen Fryske ekspressionisten. Syn ûntwikkeling is ôf te lêzen oan it aloan fernijen fan syn styl en it brûken fan in groeiend ferskaat oan ûnderwerpen en materiaaltechniken. Prachtich en tige nijsgjirrich binne bygelyks ek syn mânske wandmozaïeken wêryn’t er bekende bibelferhalen útbylde hat.  It op linige én rake wize kombinearjen fan kleuren, kontoeren en foarmen is syn skaaimerk. Yn 2013 is er, njoggentich jier âld, yn Bartlehiem ferstoarn.

Eerdere exposities / Eardere eksposysjes

 

  • De Mangelgang, Groningen (groeps, 1952)
  • Galerie van Hulsen, Leeuwarden (‘It Frysk Palet’, groeps, 1957 e.v.)
  • It Bleekerhûs, Drachten (solo, jaar onbekend)
  • LAK, Leeuwarden (groeps, 1985)
  • Middeleeuws kerkje, Beers (solo, 1987)
  • De Kunstruimte van Heerenveen, Heerenveen (solo, 1987)
  • Galerie de Vis, Harlingen, en Gemeentemuseum Roermond (groeps, 1989)
  • Galerie de Vis, Harlingen (solo, 1990)
  • Museum Het Princessehof Leeuwarden en Galerie de Vis, Harlingen, (solo, 1992)
  • Singer Museum, Laren, en Galerie de Vis, Harlingen, “Fries gekleurd”, (groeps, 1993)
  • AVERO-toren, Leeuwarden (“It Frysk Palet”), (groeps, 1994)
  • Galerie en Kunsthandel Elisabeth den Bieman de Haas, Amsterdam (solo, 1995)
  • Gemeentehuis Tytsjerksteradiel, Burgum (groeps, 1995)
  • Maritiem Museum, Rotterdam ( groeps, 1997)
  • Museum Willem van Haren, Heerenveen, en Galerie de Vis, Harlingen (solo, 1997)
  • Galerij Romein, Leeuwarden (groeps, 1999)
  • Fries Museum, Leeuwarden i.s.m. Galerie de Vis, Harlingen,
    “Jan Frearks van der Bij, skilder fan lân en wetter” (solo, 2002)
  • Museum Smallingerland, Drachten, en Galerie de Vis, Harlingen (solo, 2007)
  • Galerie Jan Reinder Adema, Damwâld (solo, 2017)
  • Museum Drachten, Fries expressionisme  “Not afraid of the new”,  (groeps, 14 oktober t/m  24 februari 2019)
  • De Schierstins, Feanwâlden, Expositie “Jan Frearks van der Bij – Op aventoer mei foarm en kleur” (solo, 7 juli t/m 8 september 2019)

 

Publicaties en documentatie/publikaasjes en dokumintaasje

 

  • Lexicon Nederlandse beeldende kunstenaars 1750 – 1950 (Scheen, 1969 – 1970, vol.1, p.195)
  • “Friese Expressionisten, werken na 1945”, Red. en samenstelling : Sjouke Visser, Harlingen, 1989
  • “Yn ‘e line” troch Gosse A. Postma, Utjefte fan de kommisje Byldzjende Kunst Tytsjerksteradiel, 1995
  • “Van der Bij, 75 jaar, Jubileumtentoonstelling”, Frédérique Bruyel-van der Palm, 1997
  • “Van der Bij” (Jan Frearks van der Bij 80 jaar), Frédérique van der Palm, 2002
  • In Leeuwarder Courant, Freed, “Skilderje is op aventoer gean” 13 december 2002
  • In Drachtster Courant, “In skilderij freget altyd de hiele man” ,18 januari 2003
  • “Van der Bij”, supplement bij de uitgave van Jan van der Bij 2002, 2007
  • In Drachtster Courant, “Underweis winst wat en ferliest wat”, 22 maart 2007